Dingeman krijt wjukkenDe twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dyt tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hs fan de std. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, tnge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en tborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en drom stjoere se dy ek noait op bd. Mar as er dr oankomt blykt it hiel wat oars te wzen Eppie Dam is in
Shopping security
Each payment you make on thelockerguy is secured with strict SSL encryption and PCI DSS data protection protocols
product description
Why choose thelockerguy wholesale?
De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…
Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis.
De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst.
Wat hearlik, dizze klassiker!’ – weblog ‘tante Tjits’